SCO lit oerwinning op OVVO yn slotfaze slûpe

29 nov 2015 - 14:58
  • SCO

De kuorballers fan SCO ferlearen sneontejûn mei 22-16 fan OVVO. Yn de Wolvegeaster sporthal begûnen de Aldeholtpeasters fol fjoer oan de wedstriid. De ploech fan trainer Aegle Frieswijk rûn ienfâldich út nei in 11-5 foarsprong. Foar it skoft brocht OVVO de marzje lykwols werom oant 12-8.

Yn de twadde helte kamen de gasten út Maarssen op likense hichte en namen de lieding oer. By in stân fan 16-17 koe SCO de oansluting net langer hâlde en wist OVVO út te rinnen nei in romme oerwinning.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)