Twatal oanhâlden nei mishannelings yn Heech

29 nov 2015 - 10:11

De plysje hat sneontenacht yn Heech twa manlju fan 20 jier út Bakhuzen en Delft oanhâlden. Yn in hoarekasaak oan de Harinxmastrjitte hiene se twa oare manlju mishannele. In 19-jierrige Snitser rekke dêrtroch sa slim ferwûne dat er nei it sikehûs moast. Hy hie ûnder oare ferwûningen oan it gesicht.

Ek it oare slachtoffer rekke ferwûne. Hy hoegde net nei it sikehûs. Befeiligers fan de hoarekasaak brochten beide fertochten nei bûten. Dêr stie de plysje klear om se mei te nimmen nei it buro. De twa fertochten sitte fêst.

De plysje docht fierder ûndersyk. Mooglik wiene der noch mear minsken belutsen by de mishanneling.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)