SC Hearrenfean wint ienfâldich fan Roda JC

28 nov 2015 - 22:32
  • Mitchell Te Vrede nei de 3-0

SC Hearrenfean hat in frij ienfâldige oerwinning helle op Roda JC. Yn it eigen stadion wie de ploech fan trainer Foppe de Haan mei 3-0 te sterk. Mitchell Te Vrede wie mei twa treffers de gefierde man. Hearrenfean kaam goed út de startblokken en krige kânsen fia Van den Boomen en Luciano Slagveer. Nei in healoere fuotbal wie it wol raak. Cavlan rekke de peal, mar yn de rebound soarge Te Vrede foar de 1-0. Krekt foar it skoft makke Slagveer mei in prachtich ôfstânsskot de 2-0. Yn de twadde helte bepaalde Te Vrede út in strafskop de einstân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)