"Grutte earen Boerum spilen rol yn drone-oanfal yn Somalië"

28 nov 2015 - 17:26

Satellytûntfangers by Boerum hawwe neffens De Volkskrant mooglik in rol spile by in Amerikaanske drone-oanfal yn Somalië. Dêr kamen yn jannewaris fan dit jier ûnskuldige minsken by om it libben. Neibesteanden kleie no ek de Nederlânske steat oan. Se dogge dat omdat de Amerikanen harren ynformaasje fan de Nederlânske ynformaasjetsjinst MIVD krigen.

By it sammeljen fan ynformaasje brûkt de Militêre Ynljochting- en Feiligenstsjinst (MIVD) de 'grutte earen fan Boerum'.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)