Pieter Weening werstelt fan blinetermûntstekking

27 nov 2015 - 19:29
  • Pieter Weening, Tour de France 2015

Hurdfytser Pieter Weening fan De Harkema is ferline wike op Kurasau operearre oan in akute blinetermûntstekking. Weening die in wike earder mei oan de Coral Estate Polar Classic. Hy hat trije dagen yn it sikehûs lein.

Neffens de lêste berjochten fan syn ploechgenoaten giet it nei omstannichheden wer goed mei de fytser. Hy is yntusken wer thús.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)