Henk Deinum is nije foarsitter fan Hûs en Hiem

27 nov 2015 - 15:37

Wethâlder Henk Deinum fan Ljouwert is de nije foarsitter fan it algemien bestjoer fan Hûs en Hiem. Hy folget Fred Veenstra op, dy't op 1 desimber úteinset mei syn wurk as boargemaster fan de gemeente De Fryske Marren.

Hûs en Hiem is in gearwurkingsferbân fan 23 Fryske gemeenten. De adviseurs fan Hûs en Hiem jouwe ûnôfhinklik advys oer romtlike kwaliteit, wolstân en monumintebelied.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)