Plysje pakt twa drugsdealers op yn Drachten

27 nov 2015 - 14:23
  • Drugs

De plysje hat twa Drachtsters oanhâlden foar de hannel yn harddrugs. Neffens de plysje wiene de manlju fan 24 en 37 jier al langere tiid dwaande mei de hannel. Se binne ôfrûne freed oanhâlden en sitte noch hieltyd fêst. It duo wie benammen aktyf yn de wyk De Wiken.

De plysje begûn in ûndersyk nei klachten fan omwenners. Die hiene in soad oerlêst fan de dealers, dy't de drugs op scooters ferkochten. Ofrûne freed kochten fjouwer minsken drugs by it duo. De plysje grypte dêrop yn.

De dealers, in 26-jierrige Drachtster dy't harren holp en de klanten binne oanhâlden. De keapers wiene allegear yn besit fan kokaïne. De drugs binne yn beslach naam en de klanten en de 26-jierrige Drachtster hawwe in proses-ferbaal krigen.

De plysje hat de hûzen fan de dealers ûndersocht en kokaïne, speed en in jildbedrach fûn. It ûndersyk rint noch. Sa wol de plysje noch oare keapers befreegje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)