Omrop TIP: Fryslân DOK oer 25 jier De Kast

29 nov 2015 - 08:42

It is de populêrste Fryske band fan alle tiden, De Kast. De band fan Nico Outhuijse, Sytse Broersma, Kees Bode, Peter van der Ploeg en frontman Syb van der Ploeg bestiet 25 jier. De Kast hie grutte suksessen yn de jierren ’90, mei as bekendste nûmer 'In Nije Dei'. Yn 2002 hâlde de band nei trettjin jier op te bestean. Dêrnei begûn de grutte syktocht nei de muzyk en nei inoar. No, in fearnsieu letter, fiert De Kast syn jierdei mei in nij jubileumalbum en in teatertoer.

Fearkrêft

Programmamakker Murk-Jaep van der Schaaf folget De Kast by de jubileumtoer en sketst in byld fan hoe’t it de band fergien is. In dokumintêre oer de fearkrêft fan fiif manlju dy’t nei 25 jier lok en leed noch hieltyd mei-inoar op de planken steane en harren muzyk fiere. Muzikanten dy’t mei-inoar Fryske en lanlike popskiednis skreaun hawwe.

Iepenhertich

Njonken de nije muzyk fan it nije album ‘Op de planken’ en bylden fan de hjoeddeistige teatertoer komme ek de persoanlike ferhalen fan de bandleden oan bod. Want hoe is it de manlju nei it grutte sukses fergien? En hoe fûnen sy it paad nei inoar wer werom? De bandleden fertelle iepenhertich oer hoe’t De Kast harren libbens foarme en tekene hat.

De dokumintêre 'Op de planken – 25 jier De Kast' is snein om 12:25 oere te sjen op NPO 2 en op Omrop Fryslân Televyzje nei Hjoed. Of besjoch it programma no al hjirûnder.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)