59.000 hinnen romme yn Fryslân

31 jul 2010 - 14:51

Op twa Fryske plomfeebedriuwen binne de ôfrûne dagen hast 60.000 hinnen romme dy't besmet wiene mei de fûgelgryp. Woansdei wie de earste romming fan 19.000 hinnen by in bedriuw yn Skuzum, freed barde dat by 40.000 hinnen yn Parregea. De fariant H6N1 fan de fûgelgryp is gjin gefaar foar de folkssûnens.

It romjen fan de bisten is net ferplichte. De boer yn Skuzum hat dat dochs dien omdat de hinnen gjin aaien mear leine.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)