De Tjongerschans krijt 20.000 euro foar nije boarterskeamer

27 nov 2015 - 11:57

Sikehûs De Tjongerschans op It Hearrenfean hat 20.000 euro krigen fan it Ronald McDonaldfûns. Mei it jild sil it sikehûs de boarterskeamer opknappe. Dat stie al langer op it winskelistje, mar it jild dêrfoar ûntbruts oant no ta.

Om der achter te kommen wat de bern graach yn de boarterskeamer ha wolle, binne bern fan basisskoalle De Burcht befrege. Mei de boarterskeamer wol it sikehûs it ferbliuw fan bern sa noflik en feilich mooglik meitsje. De nije boarterskeamer moat yn 2016 klear wêze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)