Fryslân hat beheind oantal fjoerwurkfrije sônes

27 nov 2015 - 11:52

Yn Fryslân bliuwt it oantal fjoerwurkfrije plakken dit jier beheind. Allinnich yn Smellingerlân, op Skiermûntseach en op Skylge is it wis dat der in fjoerwurkfrije sône komt.

Yn Harns en op Flylân wurdt der noch oer neitocht. Yn de oare Fryske gemeenten mei mei âld en nij oeral gewoan fjoerwurk ôfstutsen wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)