IM easket twa jier sel tsjin Fryske fertochte Tsjûkemarmoard

27 nov 2015 - 10:23

It Iepenbier Minisearje easket freed twa jier sel tsjin de 30-jierrige ynwenner fan Easterwâlde. Hy is fertochte yn de Tsjûkemarmoard. Yn 2013 waar Omar Kourrich om it libben brocht, wêrnei't it stoflik omskot by de Tsjûkemar yn brân stutsen waard. De Stellingwerver soe dêrby holpen ha.

De saak tsjin de man út Easterwâlde stie begjin novimber al op de aginda, mar gie doe net troch. Troch in fersin fan it Iepenbier Ministearje ferskynde de fertochte net yn de rjochtbank.

De advokaat fan de fertochte easket lykwols frijspraak. Hy fynt dat der gjin oertsjûgjend bewiis is dat de man út Easterwâlde belutsen west hat by de moard. Ek seit dat advokaat dat syn kliïnt gjin earlik proses krijt om't it Iepenbier Ministearje de stikken te let oanlevere en dat fertochten mooglik beynfloede binne.

Oare fertochte

Tsjin in twadde fertochte, in 19-jierrige Amsterdammer, easke it IM earder al acht jier sel. De 42-jierrige heit fan de Amsterdammer wie ek fertochte, mar dy is yn de tuskentiid yn syn sel ferstoarn. Dat wie in natuerlike dea.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)