Finn-siler Pieter-Jan Postma klimt wer yn WK-klassemint

27 nov 2015 - 09:33
  • Pieter-Jan Postma yn aksje

Finnsiler Pieter-Jan Postma út Terkaple hat freed yn trije races op it WK yn Nij-Seelân goede prestaasjes delsetten. Hy waard 13e, 1e en 6e en gie fan it 23e nei it 12e plak yn de tuskenstân. Om in medalje te pakken moat Postma de twa lêste dagen noch goed oan de bak. De nûmer twa hat bygelyks 79 punten, Postma hat der 104.

Winne kin Postma net mear, de ôfstân mei de nûmer ien dy't 27 punten hat, is te grut. Postma striidt foar in plak op de Olympyske Spelen kommend jier. By it WK binne fjouwer tickets foar Rio te fertsjinjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)