"Haadkantoar Ausnutria giet fan It Hearrenfean nei Zwolle"

27 nov 2015 - 07:31

It nije haadkantoar fan suvelbedriuw Ausnutria Hypocra komt net op It Hearrenfean, mar yn Zwolle. Dat skriuwt de Ljouwerter Krante. Reden is mear yntegraasje tusken de ferskate bedriuwsûnderdielen en ôfdielingen, seit it bedriuw. Ausnutria wol him yn febrewaris mei 60 meiwurkers yn Zwolle festigje.

It haadkantoar stiet no noch oan de Boargemaster Falkenawei op It Hearrenfean. Der wurkje no noch 30 minsken. Dy soene earst ferhúzje nei it plak dêr't Ausnutria in fabryk bouwe lit, op it bedriuweterrein by de A7 by It Hearrenfean del.

Mar Zwolle leit foar it bedriuw sintraler om't it ek kantoaren en fabriken hat yn Almelo, Ljouwert, Ommen en Kampen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)