Subsydzjepot foar monuminten krimpgebiet NE-Fryslân leech

26 nov 2015 - 20:47

It opknappen fan âlde huzen yn Dongeradiel om it beskerme doarpsgesicht te bewarjen, is in súkses. It is in projekt om doarpen yn krimpgebiet Noardeast-Fryslân te helpen. Yn de doarpen Mitselwier, Ie, Holwert en Peazens-Moddergat kinne minsken har hûs opknappe litte. It doel is om fertutearze monumintale huzen te renovearjen, sadat it doarp ek foar oaren moai en oantreklik bliuwt om yn te wenjen.

In part fan it jild dat nedich is, wurdt subsidiearre troch gemeente en provinsje. En dy subsydzjepot is nei twa jier al hast leech.

Foar lieningen om wenten op te knappen is minder belangstelling op de doarpen. Dêrom sil in part fan it jild dat dêrfoar ornearre wie, ferskood wurde nei de subsydzjepotten. Der is goeie hope dat der belangstelling bliuwt foar it opknappen fan âlde huzen yn Noardeast-Fryslân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)