Brân op dak fan Lemster moetingssintrum A la Mer

26 nov 2015 - 20:37
  • De brânwacht op it dak fan it Lemster sealesintrum

Op it dak fan it saaklik moetingssintrum A la Mer op De Lemmer is tongersdeitejûn brân útbrutsen. De brânwacht hat in part fan it dak iepenhelle om de brân te blussen. It liket derop dat der gjin slachtoffers binne.

Earder op de dei soe der noch oan it dak wurke wêze. It bedriuw biedt gearkomste- en kantoarromten oan flekswurkers en oare ûndernimmers. Hoe grut oft de skea krekt is, is noch net bekend.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)