Revalidearje mei 'ljochtmuorre' yn Beetstersweach

26 nov 2015 - 17:17

Bern dy't troffen binne troch in ûngelok of sykte kinne mei spultsjes better revalidearje. Yn Beetstersweach wurdt al mei dizze behannelmetoade wurke. Troch spultsjes te dwaan op in libbensgrut tablet op de muorre, binne de bern yn beweging sûnder dat sy it trochhawwe. En dat is goed foar it herstel, seit Carlien Kappers fan Revalidatie Friesland.

De bern moatte 'ballonnen' stikkenmeitsje troch mei de hân in beweging oer de muorre te meitsjen. Ek krije de bern de opdracht om allinnich blauwe of reade ballonnen oan te reitsjen.

De ynteraktive 'ljochtmuorre' is neffens Kappers in goeie en natuerlike behannelmetoade foar bern om te revalidearjen. De grutte tablet op de muorre is in kado fan de Cornelia Stichting út Beetstersweach dy't dit jier lykas mei it revalidaasjesintrum hûndert jier bestiet.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)