Plan foar megatriatlon yn 2018

26 nov 2015 - 16:36

De nije Stichting Triatlon Friesland wol yn 2018 in megatriatlon organisearje. De stifting wol de sport yn it ramt fan Kulturele Haadstêd promoatsje. It Fryske lânskip lient him poerbêst foar dizze sport, seit de organisaasje: der is romte, wetter en natuer.

De stifting wol der oer prate mei ferskate Fryske gemeenten, provinsje, oare sportorganisaasjes en sponsors. De Stichting Triatlon Friesland is ûntstien út de Powerbar Triatlon Friesland. Dy wurdt alle jierren yn juny organisearre yn Stiens en is yntusken útgroeid ta in grut evenemint.

Trefwurden: 
triatlon KH2018
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)