Man op elektryske fyts oanriden yn Ljouwert

26 nov 2015 - 15:39
  • It ûngelok barde flak by it gebou fan Rykswetterstear yn Ljouwert

In man op in elektryske fyts is tongersdeitemiddei op de Snekertrekwei yn Ljouwert oanriden troch in auto. De fytser ried op it fytspaad, wylst de auto fan it parkearterrein fan Rykswettersteat ôf kaam. Nei alle gedachten hat de bestjoerder fan de auto de fytser oer de holle sjoen.

De fytser is mei in ambulânse nei it sikehûs brocht. Hoe't er der no oan ta is, is net bekend.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)