Bartholomew Ogbeche is fit foar degradaasjekreaker

26 nov 2015 - 14:33

Topskoarer Bartholomew Ogbeche stiet tsjin De Graafschap yn de basis. De topskoarer mei fiif doelpunten is op tiid hersteld fan syn knibbelblessuere. Omar El Baad makket syn debút yn de basis by Cambuur. De 19-jierrige ferdigener dy't oan it begjin fan dit seizoen oerkaam fan jong Feyenoord ferfangt Djavan Anderson.

Ek Overgoor en Vytas, dy't ferline wike tsjin Ajax noch rêst krigen, binne hersteld fan harren blessueres en steane yn de basis.

It is foar beide ploegen in krusiale wedstriid, sawol Cambuur as De Graafschap hat dit seizoen noch gjin inkele wedstriid winne kind. Ferline wike gie Cambuur noch mei 5-1 hurd ûnderút tsjin Ajax. De Graafschap ferlear thús mei 2-1 fan FC Grins.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)