"Splitsing fan grutte MBO-skoallen is in goede saak"

26 nov 2015 - 11:12

ROC De Friese Poort fynt it in goede saak om in ein te meitsjen oan de grutte skoallen yn it MBO. Dat seit de foarsitter fan it kolleezje fan bestjoer Sjouke Tuinier. Wol fynt hy it nuver dat it kabinet hieltyd mei oare plannen komt troch de jierren hinne.

It kabinet wol no dat de grutte anonime ROC's plak meitsje foar lytsere herkenbere mbo-kolleezjes mei mear persoanlike oandacht foar de learlingen. Skoallen mei mear as 5000 learlingen moatte ferplicht opsplitse, wylst tweintich jier lyn de mbo-skoallen fusearje moasten.

ROC De Friese Poort en it Friesland College foldogge al oan de takomstige regels fan it kabinet. Alle lokaasjes fan de skoallen hawwe net mear as 5000 learlingen.

Wol soe bygelyks ROC De Friese Poort, dy't fêstigingen hat yn Drachten, Ljouwert en Emmeloord, yntern ferbouwe moatte as de plannen trochgean. Neffens de foarsitter moat it noch better herkenber wêze yn de skoalgebouwen wêr't de oplieding foar bygelyks 'Techniek' begjint en wêr't dy fan 'Zorg en Welzijn'.

De studinten studearje yn de takomst nammentlik net mear oan ROC De Friese Poort, mar bygelyks oan it technykkolleezje. De plannen om de MBO-skoallen te splitsen jildt lanlik foar 38 fan de 64 ROC-fêstigingen. Op it grutste ROC, yn Amsterdam, krije sels 27.000 learlingen les.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)