Beachfestival Vlieland Groet hâldt dermei op

26 nov 2015 - 09:56

De organisaasje fan it Beachfestival Vlieland Groet hâldt der nei acht jier mei op. Neffens de organisatoaren wurken se de lêste jierren mear en mear op de automatyske piloat. It evenemint slút boppedat net langer oan by harren ambysjes.

Ek is it organisearjen hieltyd dreger te kombinearjen mei harren oare ferplichtings. Se wolle harren dêrom konsintrearje op de Vuurtorenloop Vlieland. Vlieland Groet luts alle jierren sa'n 3200 besikers.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)