Finn-siler Pieter-Jan Postma sakket fuort op WK

26 nov 2015 - 08:23
  • Pieter-Jan Postma yn aksje

Finn-siler Pieter-Jan Postma sakket wer fuort yn it klassemint op it WK yn Nij-Seelân. Nei in goeie dei woansdei, hat er tongersdei wer twa minne races hân. Hy einige yn de fjirde en fyfde race as 23e en 34e. Dêrtroch beset er no it 23e plak yn it klassemint.

Postma jaget yn Nij-Seelân net allinnich op in WK-medalje, mar ek om in startbewiis foar de Olympyske Spelen fan takom jier yn Rio de Janeiro. Der binne noch fjouwer tickets te ferdielen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)