Hilde Mulder fan jeugdteaterskoalle krijt lintsje

25 nov 2015 - 20:58

Hilde Mulder is keninklik ûnderskieden. Se is beneamd ta Ridder yn de Oarder fan Oranje-Nassau foar har jierrenlange ynset foar it Fryske toaniel en benammen it jeugdtoaniel. Se begûn 25 jier lyn mei de jeugdteaterskoalle. De skoalle is in begryp yn Fryslân en dêrbûten wurden en nimt in belangryk plak yn de Fryske kulturele ynfrastruktuer yn.

De ûnderskieding is woansdeitejûn opspjelde troch boargemaster Liemburg by 'Nachtgasten Junior', in jubileumaktiviteit ta eare fan it 25-jierrich bestean fan Meeuw Jonge Theatermakers yn Ljouwert.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)