Marit Bouwmeester tred yn klassemint mei ien dei te gean

25 nov 2015 - 20:11

Marit Bouwmeester giet as tred de slotdei fan it WK Laser Radial yn. De sylster fan Warten moast woansdei op it wetter foar Oman ien plak tajaan nei't se as tsiende en fjirde einige wie. De minste klassearring kin se fuortstrepe.

Yn it algemien klassemint hat Evi van Acker út België de lieding, twad is Anne-Marie Rindom út Denemarken en tred stiet dus Marit Bouwmeester. De float sylt tongersdei noch twa kear. Der is minder wyn op de slotdei, dat kin in foardiel foar Marit wêze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)