Provinsje ynvestearret minder yn Drachten en It Hearrenfean

25 nov 2015 - 20:30

De provinsje set it beslút om minder te ynvestearjen yn Drachten en It Hearrenfean troch. Dat die woansdei bliken yn Provinsjale Steaten. De provinsje wol mei tal projekten de berikberens yn beide plakken ferbetterje as kompensaasje fan it mislearjen fan de spoarline Hearrenfean-Drachten-Grins.

Op in totaal fan 91 miljoen euro oan projekten wurde beide plakken mei 2,5 miljoen euro koarte. Foar It Hearrenfean falle de gefolgen ta. Foar Drachten leit dat oars. It doarp moat de plannen fersoberje.

Yn de kommunikaasje tusken provinsje en de gemeente Smellingerlân is net alles goed gien. Dêrtroch stimden PvdA en D66 tsjin de hiele ynvestearringsaginda yn beide plakken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)