Fryske filmer bringt nije horrorfilm út

25 nov 2015 - 19:31

De Fryske filmmakker Bart van Dekken hat in nije horrorfilm útbrocht: 'Entity F'. Nei eardere amateurproduksjes as 'Frisian Terror' en Vleesdag' hat de stienhouwer fan De Harkema dizze kear profesjonele help ynroppen fan de Limburchske beropsakteur Ron Roumen en skriptskriuwer John Beringen út Utrecht.

De film is basearre op in deiboek dat de okkulte ûnderfinings beskriuwt fan in frou, dy't har letter tekoart dien hat. It útbringen rûn fertraging op omdat de famylje fan dizze frou de film fia de rjochter ferbiede woe.

Dat is úteinlik net slagge. Wol moast Van Dekken inkele oanpassings tastean. De offisjele release fan de film is freed 27 novimber.

'Entity F' wurdt allinne fia bol.com online te keap oanbean. Van Dekken hopet hjirmei in grutter publyk te berikken. Syn eardere films wiene inkeld yn it B-sirkwy te besjen. Van Dekken hopet troch online promoasje no in lanlik en mooglik sels ynternasjonaal publyk oan te sprekken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)