Skipsbouwers binne teloarsteld oer útbliuwen stipe foar slûs

25 nov 2015 - 18:08

Skipsbouwers ha soargen no't de nije slûs by Koarnwertersân foarearst gjin subsydzje krijt fan Brussel. Foar de konkurrinsjeposysje en de wurkgelegenheid yn de skipsbou is dat hiel spitich, seit direkteur Erik van Trooijen fan Veka Shipyard Lemmer. By dit bedriuw wurde frachtskippen boud en reparearre.

De skippen fan de skipswerven om de Iselmar hinne moatte no fia Lelystêd en Amsterdam nei see brocht wurde, omdat de slûzen dêr 18 meter breed binne. It breder meitsjen fan de slûs fan 18 nei 25 meter moat 140 miljoen euro kostje.

De subsydzjekommisje fan Europa hat foarearst gjin 56 miljoen euro beskikber steld foar de ferbreding fan de slûs by Koarnwertersân. Fryslân stelt sels 10 miljoen beskikber. Ek it bedriuwslibben sil, troch it beteljen fan tol per trochgong, meibetelje oan it projekt.

Oare provinsjes en gemeenten om de Iselmar betelje ek mei. By de Europeeske kommisje sil wer in nije subsydzjeoanfraach yntsjinne wurde. It wurk soe yn 2017 los moatte. Yn 2021 kin de nije slûs dan klear wêze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)