Ljouwerter jeugd krijt eigen plak om te 'chillen'

25 nov 2015 - 21:15

Ljouwert hat in nij plak foar de jongerein om te 'chillen'. It nije sintrum Jimmy's wurdt tongersdei offisjeel iepene yn de binnenstêd. By Jimmy's kinne de besikers gesellich mei inoar sitte, muzyk meitsje en prate oer bygelyks de stúdzje of oer jildsaken.

Studinten fan de hegeskoallen út Ljouwert binne frege om ynfolling te jaan oan de programma's dy't se dwaan kinne. Der binne kursussen graffity en muzyk. It sintrum is alle dagen iepen fan moandei oant en mei freed.

Neffens Kowe Ho, frijwilliger fan it sintrum, is der in soad ferlet foar in eigen plak foar de jongerein út Ljouwert. Hy seit dat se faak fragen hawwe oer fan alles, mar net witte wêr't sy mei dy fragen hinne moatte. Mei Jimmy's is der no wol sa'n plak.

It sintrum is in inisjatyf fan de gemeente Ljouwert en frijwilligersorganisaasje WELLZO út de haadstêd.

Trefwurden: 
Jimmy's Ljouwert jeugd
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)