Omwenners wurde bypraat oer nije farrûte Bûtenfjild

25 nov 2015 - 15:46

Ynwenners fan Dantumadiel en Tytsjerksteradiel kinne har woansdeitejûn byprate litte oer de nije farrûte fan de Grutte Wielen by Ljouwert, oer Ryptsjerk en natuergebiet it Bûtenfjild nei de Swemmer by De Westereen. Yn de Einekoer yn Ryptsjerk is de ynrinjûn mei presintaasjes fan de rûtes.

Earder dit jier wie al in ynformaasjejûn foar grûneigeners oan de rûte. De farrûte moat it Bûtenfjild ferbine mei Ljouwert en de saneamde Lits-Lauwersmarrûte. Om de rûte klear te meitsjen foar boatsjes, moatte brêgen ferhege wurde.

Ek moat baggere wurde en moatte twa slûzen oanlein wurde. Ein takom jier soe de Bûtenfjildrûte klear wêze moatte. It giet om in rûte dy't spesjaal bedoeld is foar skippen mei elektryske oandriuwing.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)