Snitser oppakt foar heling fan ferkearsbuorden

25 nov 2015 - 14:48

De plysje hat yn de nacht fan tiisdei op woansdei yn Ursem (NH) in 42-jierrige ynwenner fan Snits betrape op heling. De man siet tegearre mei in ynwenner fan Alkmaar yn in buske, dêr't ferkearsbuorden en aluminium stekken yn sieten. Nei alle gedachten komme dy fan stellerij.

De manlju binne foar fierder ûndersyk fêstset op it plysjeburo.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)