Deadlik ûngelok mei de 'Frisia' moat ûndersocht wurde

25 nov 2015 - 14:44

In ûnôfhinklik saakkundige moat beoardiele oft it sinken fan it skip Frisia boppe Skylge te witen is oan de eigener. Dat hat de rjochtbank yn Amsterdam woansdei bepaald. De skulpesûger sloech yn desimber 2010 om en de trije bemanningsleden kamen dêrby om it libben. It Iepenbier Ministearje ferwyt de eigener dat it skip net yn goede steat wie en dat de bemanningsleden gjin deugdlike rêdingsmiddels hienen.

De eigener fan it skip kin him dêr lykwols net yn fine. De saakkundige moat no helderheid bringe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)