Seegemaal Roptasyl is ielfreonlik oanpast

25 nov 2015 - 14:25

Yn it seegemaal by Roptasyl is woansdei de lêste fiskfreonlike waaier pleatst. De waaier is it part fan de pomp dat it wetter nei bûten slacht. De foarige waaier hakte de iel fyn en dat wie fansels net de bedoeling. De nije docht dat net en sa kin de iel yn de hjerst fanút de Fryske binnenwetters rjochting de Sargassosee swimme om dêr foar lytse ieltsjes te soargjen. By Roptasyl kin de nije ynstallaasje kommende freed foar it earst ynsetten wurde.

Oan de seekant wurdt mei fûken kontrolearre oft de iel der goed trochkomt.

Trefwurden: 
seegemaal Roptasyl iel
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)