Minút stilte yn provinsjale steaten foar slachtoffers Parys

25 nov 2015 - 14:05

Kommissaris fan de Kening John Jorritsma hat woansdei oan it begjin fan de gearkomste fan provinsjale steaten ien minút stilte hâlden foar de slachtoffers fan de terreuroanslaggen yn Parys op freed 13 novimber. Jorritsma stelde dat de terreur hieltyd tichterby komt. De slachtoffers dy't de oanslaggen oerlibbe ha, binne traumatisearre foar de rest fan it libben, sei Jorritsma.

De kommissaris wie ferline wike sels by de wedstriid Dútslân-Nederlân yn Hannover. Dat duel giet net troch fanwege nije terreurdriging.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)