Wa winne dit jier de Fryske Popawards?

25 nov 2015 - 13:35
  • De Kast

Arnold de Boer, The Cool Quest, Janpier Brands en it Psy-Fi Festival binne nominearre foar de Fryske Popawards. Dy wurde op 12 desimber útrikt yn poppoadium Neushoorn. Dan wurdt ek bekend wa't de Talent Award wûn hat. Dêrfoar binne nominearre Emiel Joormann, The Homesick, Wolf Atlas en Yakumo.

It Dockumer Lokaeltsje, De Kast, Noardewyn Live en Wiebe Kaspers meitsje kâns op de Bernlef Priis. Foar de publykspriis kin dit jier stimd wurde op it 2015Festival, The Given Horse, Paul van Berlo, Popstêd Hearrenfean en it UITFestival.

Under de awardshow binne der optredens fan ûnder oare Nynke Laverman, Diff en Hilbrandt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)