Limboarger wurdt kafee útsetten en slacht de portier

25 nov 2015 - 11:26

De plysje yn Ljouwert hat yn de nacht fan tiisdei op woansdei in 25-jierrige man út it Limboarchske Echt oanhâlden foar mishanneling. De man waard in kafee oan it Ruterskwartier útsetten, nei't hy dêr drugs brûkt hie. De man mishannele de portier dy't him nei bûten brocht.

Doe't de plysje der by kaam, lei de man op strjitte en wie net oansprekber. Hy is nei it sikehûs brocht, mar dêr die bliken dat him neat mankearre. De Limboarger is dêrnei nei it plysjeburo brocht. Hy sit noch fêst foar fierder ûndersyk.

Trefwurden: 
Ruterskwartier Ljouwert
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)