Ald-Drachtster hannelet yn ferbeane middels

25 nov 2015 - 10:14

In âld-ynwenner fan Drachten is oanhâlden, omdat er hannelje soe yn ferbeane gewaaksbeskermingsmiddels en biosiden. De middels wurde benammen brûkt yn himpkwekerijen. De plysje kaam de man op it spoar by in ûndersyk nei in webshop, dy't in soad guod ferkocht oan gruthannels en leveransiers fan growshops.

De plysje hâlde yn maart al twa oare fertochten oan, ien út Grins en ien út Purmerend. De âld-Drachtster is 61 jier en wennet no yn Tsjechië.

It ûndersyk is dien yn gearwurking mei de Nederlandse Voedsel- en Warenautoriteit. Yn totaal is beslach lein op in administraasje en sa'n 2000 liter gewaaksbeskermingsmiddels en bestridingsmiddels.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)