Kollum: "Bloed"

25 nov 2015 - 10:02

Alle wurkdagen om 8:15 oere is it yn Fryslân fan 'e moarn tiid foar de kollum. Op woansdei de radiokollum fan Eelke Lok fan De Gaastmar. Eelke Lok wurke 40 jier foar Omrop Fryslân en waard ûnder oaren bekend troch it politike praatprogramma ‘It Wapen fan Fryslân’ op de radio en ‘Gewest Fryslân’ op televyzje. Al jierren fersoarget hy kollums op de radio. De kollums fan Eelke kinne oeral oer gean: Fryslân, sport, polityk, kultuer of wat him ek mar opfallen is.

"Ik wie sa sêd fan de ivige en altyd tsjin desimber wer opfiemjende diskusje tusken jagers en Partij voor de Dieren lju, dat ik pleatste in wat ûnfoarsichtige opmerking: Jagers bin griene jonges mei bloed oan de klauwen. Och heden, ik krige hiele rioelen oer my hinne. Ja en der siet fansels ek in flaterke yn: ik hie neffens minister Bussenmaker sizze moaten: griene jonges én famkes. Yndied hartstikkene stom, ek al ha’k noch nea in frou mei in stengun yn it fjild rinnen sjoen. En ik hie fansels yn stee fan klauwen better hannen skriuwe kinnen, mar klauwen klinkt sa lekker bluodderich. Foar it oare ha’k ynhâldlik gelyk. Ik wol gewoan oanjaan dat dit in einleaze en foaral sinleaze diskusje is. Blykber moat je dat elke kear útlizze.

De thússoarch foar de ljippen en skriezen wie dizze maitiid ferjûn op de hoanskrobbers, mûzebiters en wikels, ja sels op reagers. Alle aaien en pykjes waarden opfretten. Sterker, we ha no sa’n bytsje skriezen mear oer, dat de skries koe samar ta fûgel fan it lân beneamd wurde. Dan koene we se moai allegear tagelyk lokwinskje. Dus eins soene dy aaisikers dy rôffûgels wol dea dwaan wolle, mar se sizze ek daliks dat soks ek wol sûnde is, want hoanskrobbers bin ek moaie fûgels en dy frette teminsten al dy miljoenen mûzen op. Ik moat sizze dat we Marianne Thieme net heard ha oer it beskermjen fan de mûs tsjin de mûzebiter. Mar wa bepaalt eins hoe’t ús bistenatuer der útsjocht.

Dat bin de mannen, en o ja de froulju, dy’t soargje foar it behear fan it wyld. Jagers neame harsels wyldbehearders. Dat giet sa somtiden; hee, wy ha hjir foksen sitten (fûgeltsjelju ha ek al nachtkamera’s) dy’t no fyftich jonge skriezen opfretten ha, sjit dy der ek ris út. Driuwjacht troch de Fryske greiden. Ik skat dat hjir jierliks in fyftich, sechtich foksen deasketten wurde, en ik hear ek ferhalen oer jonge foksen dy’t ek alfêst dea dien wurde, want dy ha aanst ek jonge skriezen nedich om troch de tiid te kommen. De foks wurdt der net fan útroeid, want dy is wat tûker as de jager, mar de Partij voor de Dieren skriemt tsjokke triennen en hâldt folle effektiver jeien mei de ljochtbak tsjin. En freget de wet oan te passen.  En de wetjouwer is dy kloaterich ferdielde oerheid dy’t sa no en dan ek Marianne Thieme nedich hat foar de belestingplannen en dan moat se mar wer it listje fan beskerme bisten útwreidzje. Net yn ’e rekken hawwende dat as je de iene soart beskermje, dat je dan oaren dea dogge.

Sa kin ik noch oeren trochgean. Dat is de natuer. Dy natuer is sa ticht by ús minsken dat we der altyd de hân yn ha moatte. En dat is faaks in bluodderige hân, oars hâlde we it lykwicht net. Wol we dat lykwicht net, dan moat we dy hân werom lûke, mar dan ek net sangerje fan ik ha gelyk en do hast net gelyk. Wol we dat lykwicht wol hâlde, dan moat we regaad hâlde en dan moat we inkeld oeral de skerpe kantsjes der wat fan ôfskrabje. Sjitte. Dan bliuwt it lyk fan it bist oer.  

Der waard my ek ferwiten dat ik mei de krysttiid wierskynlik wol in stikje wyld opfret. Ja. Want wat elk ek seit, der moat dochs wat sketten wurde. No, dan kin ik dat ite en dat bloed ta sjú meitsje. Ik bedoel, ik mei ek graach muskusrôt, wetterknyn. En dy wurde mei subsydzje fan de Partij voor de Dieren troch it wetterskip oanfierd nei myn panne. Want oars rekket Fryslân oant Drachten ta aanst oerstreamd mei Waadwetter. En dêr sitte dan seefisken yn dy’t net yn de Alde Feanen gedije. Dan moat dy fisker se dochs mar fange en dan ha’k twadde krystdei wat Tsjûkemartonkjes op it menu.

It is allegear presys lyk oan…. wat sil’k ris dwaan. O ja. It Hearrenfean krijt in azc en Ljouwert in universiteit. No, yn Nederlân wurde studinten faker oppakt as asylsikers, soargje ek foar folle mear ûnrêst en ûnfrede. Dus Ljouwert kin’m mar klear meitsje. As ik dat sis, ha ’k wol gelyk, mar it is likegoed folsleine ûnsin."  

Lês alle kollums fan Eelke Lok werom op syn side Eelke’s Weblok. Tongersdei wer in nije kollum yn Fryslân fan 'e moarn, dan de Toan fan Bart Kingma.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)