Wa wol meibetelje oan de útkyktoer fan Appelskea?

25 nov 2015 - 08:26

Steatsboskbehear siket jildsjitters foar it ferfangen fan de útkyktoer yn it Aekingersân by Appelskea. De toer moat fernijd wurde en moat ek in oar plak krije. Hy stiet no midden yn it gebiet en is dêrtroch dreech te berikken, de nije moat mear oan de râne fan it gebiet komme.

Nijbou moat sa'n 300.000 euro kostje en dat jild moat komme út in nij lanlik fûns dat Steatsboskbehear tiisdei oprjochte hat. Dat fûns makket it mooglik om sponsorjild fan partikulieren en bedriuwen te brûken, Steatsboskbehear sels mei dat nammentlik net dwaan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)