Soargen by ynwenners It Hearrenfean-Noard oer komst AZC

24 nov 2015 - 21:16

Bewenners fan It Hearrenfean-Noard meitsje harren grutte soargen oer de mooglike komst fan in AZC nei it doarp. It asylsikersintrum foar 600 flechtlingen moat neffens de plannen fan de gemeente oan de râne fan de wyk komme. Guon bewenners binne benaud foar oerlêst of se tinke dat harren hûs troch de komst fan de flechtlingen minder wurdich wurde sil.

Op in ynformaasjemerk yn it Abe Lenstrastadion oer it AZC kamen tiisdei in pear hûndert minsken ôf. Se koene dêr bypraat wurde troch it COA, Flechtlingewurk, gemeente en plysje.

Neffens boargemaster Van der Zwan sil de oerlêst foar It Hearrenfean-Noard bot tafalle. Sa stean der gjin huzen yn de direkte omjouwing fan it nije AZC en dat der seishûndert minsken komme te wenjen yn it nije asylsikerssintrum is neffens Van der Zwan net in kar fan de gemeente. In lytsere opfang kin nammentlik neffens it COA net. Foar de gemeente wie seishûndert it maksimum, mar it hie om de gemeente ek wol lytser mocht.

Der kamen ek in soad foarstanners ôf op de ynformaasjemerk. De earste frijwilligers foar it AZC hawwe harren al melden. Moandei moat de gemeenteried in definityf beslút nimme oer it sintrum, dat op syn betiidst ein takomend jier iepen kin.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)