Tsjerken op It Hearrenfean: "Wy moatte flechtlingen helpe"

24 nov 2015 - 18:29
  • (foto-ympresje)

Op It Hearrenfean moat romte wêze om flechtlingen op te fangen yn krisisneedopfang en ek yn in AZC. Dat skriuwe tsjerken en moskeeën op It Hearrenfean yn in iepen brief oan de gemeenteried en it kolleezje fan boargemaster en wethâlders. Se sizze dat de need heech is en dat Nederlân en dêrmei ek It Hearrenfean in ferantwurdlikheid hat om minsken op te fangen. 'We kinne it net ôfdwaan mei: we hawwe al ris in krisisneedopfang hân en we hawwe al ris in AZC hân', skriuwe tsjerken en moskeeën.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)