Drones net earder nei Fleanbasis Ljouwert as yn 2024

24 nov 2015 - 18:14

Der komt gjin rappere proseduere foar de komst fan drones nei de fleanbasis yn Ljouwert. In Keamermearderheid hat dat tiisdei besletten. Opposysjepartijen D66, PVV en CDA woene dat de regearing net oant 2024 wachtet, ear't de drones yn Ljouwert stasjonearre wurde soene.

De ûnbemanne fleantúchjes soene yn 2017 nei Ljouwert komme. Dat is no omreden fan besunigings sân jier útsteld en dêr komt foarearst gjin feroaring yn.

Trefwurden: 
drone Fleanbasis Ljouwert
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)