"Lit âlden yn bystân mear oerhâlde fan byferstjinsten"

24 nov 2015 - 18:04

Fryske gemeenten moatte âlden yn de bystân mear gelegenheid jaan om by te fertsjinjen. No is it faak sa dat byfertsjinsten ferrekkene wurde mei de bystânsútkearing. Dat moat oars, fynt it Fries Samenwerkingsverband Uitkeringsgerechtigden, it FSU. Koördinator Nanne de Jong ropt gemeenterieden yn Fryslân op de regels te ferromjen.

De Jong komt mei de oprop nei de publikaasje fan in ûndersyk fan it Sintraal Buro foar de Statistyk. Dat konkludearret dat hieltyd mear bern yn in húshâlding wenje dêr't de âlder of âlden bystân krije.

It probleem is benammen grut yn Ljouwert. Dêr hat ien op de tsien jongeren ûnder 18 jier in âlder of âlden dy't it dwaan moatte mei in bystânsútkearing.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)