"Soarch yn Fryslân is derop achterútgien"

24 nov 2015 - 17:57

De soarch yn Fryslân is minder tagonklik en minder betelber wurden. Dat seit it Frysk Boargerpanel yn in ûndersyk fan it Frysk Sosjaal Planburo nei de nije regeljouwing yn de soarch mei yngong fan dit jier. De panelleden miene dat de nije regels gjin bettere soarch opsmiten hawwe. Benammen de soarch foar âlderein soe efterútgien wêze. De GGZ, hendikeptesoarch en jeugdsoarch komme der yn it ûndersyk ek min fan ôf. Utsûndering op de delgong is de soarch dy't de húsarts en de medysk spesjalist biede.

De wurdearring foar de Fryske soarch is dan wol leger yn fergelyk mei foargeande jierren, mar dochs kriget de soarch yn Fryslân noch hieltyd as rapportsifer in foldwaande.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)