MFC De Beijer tiisdeitejûn wer iepen, fjilden bliuwe ticht

24 nov 2015 - 14:55

Goed nijs foar de dammers en darters fan Rinsumageast. Sy kinne tiisdeitejûn gewoan wer teplak yn multyfunksjoneel sintrum De Beijer yn it doarp. It MFC wurdt seis oere jûn wer frijjûn foar publyk. It gebou wie sletten nei't der moandei brân west hie yn in skuorre oan de Tjaerdawei yn it doarp. Dêr is asbest by frijkaam. Der is ûndersyk dien, en it MFC is troch de ynstânsjes wer frijjûn. Wol bliuwe de sportfjilden fan fuotbalklup VCR ferbean terrein.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)