Alle feestdagen yn ien wike yn Heech

24 nov 2015 - 11:22

Keningsdei, de krystdagen en âldjiersjûn. Yn Heech binne al dizze dagen yn ien wike proppe. Om krekt te wêzen yn de Stayokay yn Heech. Dy wurdt dizze wike oernaam troch studinten fan de oplieding Hotel- en Eventmanagement fan Hogeschool Tio Amsterdam en Utrecht. Sy hawwe de namme Stayokay foar dizze wike feroare yn Hotel Isola. Dat is Italiaansk foar eilân, en dat slacht op it adres fan de Stayokay.

De 75 studinten binne dizze wike ferantwurdlik foar alles wat der yn it fjouwer stjerrehotel bart, fan de oernachtings oant it jûnsiten en de aktiviteiten oant it himmeljen. In grut part fan it guod en it iten is sponsore. It jild dat oerbliuwt, giet nei Villa Joep, in fûns tsjin bernekanker.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)