Man ferwûne by ûngelok op Lauwersseewei

24 nov 2015 - 10:07

By in ûngelok op de Lauwersseewei by Dokkum is moandeitejûn in man ferwûne rekke. De man kaam mei syn auto út de rjochting fan Dokkum, en rekke troch noch ûnbekende oarsaak fan de dyk. De auto belanne yn de berm, wêrnei't er de macht oer it stjoer kwytrekke. De auto fan de man kaam úteinlik yn de sleat telâne. Mei help fan de brânwacht koe it slachtoffer út de auto helle wurde. Hy is mei ûnbekende ferwûnings oerbrocht nei it sikehûs.

Trefwurden: 
ûngelok plysje
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)