Kollum: Oant tsien telle

24 nov 2015 - 09:54
  • De Toan fan Willem Schoorstra

Alle wurkdagen om 8:15 oere is it yn Fryslân fan 'e moarn tiid foar de kollum. Op tiisdei de radiokollum fan skriuwer Willem Schoorstra (1959) fan Ternaard. Yn it ferline publisearre hy in oantal (Frysktalige) romans wêrûnder 'De Ofrekken', 'Swarte Ingels' en 'Redbad'. Syn lêste wurk is in boek oer Grutte Pier. Willem skriuwt maatskippijkritysk, mei faak in humoristyske ûndertoan.

"It giet op ’t heden sa mâl, dat it foar in goedwillige kollumnist amper by te hâlden is. Witte jimme noch dat ik it in skoftsje lyn oer sosjale media hân ha? Oer echt nijs en quasi-nijs en dat 60% fan de sjoernalisten social media as wichtichste boarne fan ynformaasje sjocht? Dat it crowd checking terrein wint op it fact checking? Dêr wie ôfrûne wike in eksimplarysk foarbyld fan te bewûnderjen.

Neffens de Russyske sjoernaliste Remi Maalouf hie presidint Poetin de neifolgjende útspraak dien: ‘Het is aan God om de terroristen te vergeven. Maar het is aan mij om ze naar Hem toe te sturen.’ In ikoanyske útspraak, dy’t yn gjin tiid troch renommearre kranten en oare nijsmedia oernommen waard. En troch Facebookers, fansels.

As gie it om in revelaasje fan de Messias út Moskou, sa waard de útspraak fan Poetin ûntfongen. Stânbylden waarden oprjochte en ivichheidswearde waard it takent. Oant bliken die dat it net kloppe. Poetin hie dat nea sein, Remi Maalouf hie it yn in Facebook-post sjoen en blyn kopiearre. Yn sân hasten hie se it berjocht letter ferwidere en har ekskuzes oanbean. By dy tiid stie de helte fan de nijswrâld al foar lul, mar klear, dat wie net oars.

No wie it fansels ek in útspraak dêr’t it testosteron fan ôfspatte, en fan in slachkracht dêr’t dúdlik ferlet fan is. Mar somtiden moat men earst sykhelje en oant tsien telle. Dat jildt ek foar it nijs om firma De Boer út Drachten hinne. Dy woene in stazjêr net oannimme om't er homo wie. De selektive argewaasje dy’t dêrnei losbarste hat my fernuvere. Foar de dúdlikheid: De Boer út Drachten hat him oan de wet te hâlden. Net diskriminearje. It is te fersmiten wat se dien hawwe. Mar de selektive lulkens kaam my hypokryt oan. Want it is út in religieuze en/of kulturele eftergrûn dat soks foarfalt. Hoe faak gebeurt it oars net dat imams of sljochtwei moslimmannen in frou hjir gjin hân jouwe? Dat se dat net dogge hat in kulturele en/of religieuze eftergrûn. Krekt itselde as mei firma de Boer.

Nei oanlieding fan it net de hânskodzjen, of de posysje fan bygelyks homo’s yn de islam, sjoch ik gjin shitstoarm op Facebook foarbykommen. Hear ik minister Asscher net sizzen dat er it ûnbegryplik en ûnakseptabel fynt. Dat it net fan dizze tiid is. Der is, mei oare wurden, in dúdlik ferskil te bespeuren yn it benaderjen en beneamen fan dy kwestjes. It is selektyf. En wat dat oangiet soe it gâns better wêze dat der earst djip sykhelle waard. Soe it elkenien te priizgjen stean dat se earst ris oant tsien telle."

Folgje Willem Schoorstra op Facebook. Woansdei wer in nije kollum yn Fryslân fan 'e moarn, dan de Toan fan Eelke Lok.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)