Ljouwerter rydt mei drugs yn 'e auto as wyldeman troch stêd

24 nov 2015 - 08:42
  • De drugs dy't yn de auto oantroffen waarden

Ferskate minsken yn Ljouwert binne moandei hast oanriden troch in 30-jierrige automobilist út de stêd. Hy ried mei hege snelheid troch de stêd. Yn de bocht fan de Nieuweburen rjochting de Groeneweg rekke er fan de dyk, wêrnei't er útnaaide. Doe't plysjeminsken ûndersyk diene, kamen twa manlju nei de auto ta. Ien fan harren sei dat hy de bestjoerder wie. De plysje leaude de man lykwols net. Letter die bliken dat de bestjoerder in freon stjoerd hie om de auto op te heljen.

De 30-jierrige Ljouwerter is letter oanhâlden. Yn de auto trof de plysje ek noch tolve plakken hasj oan. De drugs en de auto binne yn beslach naam.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)