Postma docht it min op WK silen

24 nov 2015 - 08:36

Finnsiler Pieter-Jan Postma fan Terkaple hat in minne start op it WK yn Nij-Seelân. Nei de earste twa races stiet Postma op it 31e plak. Hy einige yn de races 27e en 29e. De siler út Terkaple hat ambysjes om op it poadium te einigjen, mar dat wurdt no hiel dreech. Njonken in WK-medalje stiet der foar Postma ek noch in startbewiis foar de Olympyske Spelen op it spul.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)